sikke oostenbrug Bste Btenposters, Snt 14 novimber 2011 wenje ik yn De Stationsstjitte 23 yn Btenpost. Ik ha wolwat mei Btenpost, myn pake en beppe a hjir jierren wenne yn de Skoallestjritte, neffens my op nmer 18. Snt 1973 wennen ek myn heit en mem hjir, yn it selde hsje wer’t ik no wenje. Heit is op 1 augustus 2000 stoarn en mem hat hjir oan’t maaie 2011 wenne. No wenje ik dr.

Myn lden:
heit en mem trouden op 17 maaie yn 1944. De reden wie dat heit syn beppe Antje Hamstra stoarn wie. Doe kaam it hs yn ‘De Skoallestrjitte’ yn Btenpost frij en setten pake en beppe harren dr te wenjen. Drom binne heit en mem yn de oarloch troud. De brulloft wie op Sklenboarch yn it kafee fan Hendrik Jager (kafee N.S.B.). Snder drank fansels om ’t heit fan ‘De Blaue Knoop’ wie.

Heit

Heit wie in hiele rstige evenredige man dy’t net gau oanbaarnd wie. In man dy’t hiel sterk wie en in protte oan sport die as dien hie. Kuorbalje, fuotbalje, gimmestyk, hurdfytse en reedride(fjouwer kear de Alvestdentocht, yn 1940, 1941, 1942 en 1947). Yn 1942 wie heit 154-ste. Hy hie mar trije krskes,(yn 1947 hat heit it net helle, hy kaam te let oan). Neist dy hobby’s wie hy oan it skilderjen, tekenjen en houtfykjen.

houtsnijwerk van Piet Oostenbrug Yn de oarloch krige hy skilder-en tekenles fan Joop Kloek dy’t yn it hs fan Simke Kloosterman wenne mei syn frou en dochter(Aleida Victoria), mar ik neamde har Lideke. Krekt nei de oarloch krige hy noch in pear lessen fan Dijkstra yn Grins. dr reizge hy hinne mei . o. Klaas Koopmans, Harm v.d.Bij, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Dizze minsken hiene letter de skildersrjochting’Yn ‘e line ‘. Nei de oarloch kaam heit yn oanrekking mei dr Asien Bohmers dy’t in protte ferstn hie fan ld Fryske motiven. Dizze man kaam wol by master Kim en sa kaam er yn ’e kunde mei pake en beppe Btenpost. Heit hie in tabakspot foar pake makke mei in hynder der op. Dit koe neffens Bohmers net om ’t in hynder in eal bist wie. Sa waard doe de houtfikersklub ‘De Ikelbeam ‘oprjochte. Dr wiene somtiden wol tsien houtfikers by s yn ’e hs, dy’t it houtfykjen fan heit learden. Mannen as: ome Oene, ome Hendrik, Ale Radema, Pyt Attema, Sjoerd Venema, Piet Kuipers en Luitzen Kloostra. Sy makken teestoafkes, houten bakjes, ndersetters, naaidoazen en oar guod mei lde Fryske motiven der op (foto rechts: houtsnijwerk van Piet Oostenbrug). Doe’t yn ngefear 1951 de boel knapte om’t Bohmers de boel besoademitere hie, foel dit t elkoar. Heit koft it hout en betelle de mannen en Bohmers ferkoft it guod en barde ek it jild. Op in snein by it frekkenjen kaam mem der efter dat de boekhlding net kloppe. Heit hie it yn dy tiid ek drok op ’e pleats. Letter hat er noch houtsnijles jn oan in groepke skoalmasters .o. Tjerk de Jager. Hy makke noch wolris wat mar net folle mear nder oare bernemeubels. Foar s makke hy in buorkerij om mei te boartsjen en wy learden fan him figuerseagjen.

Earst nei 1973, doe’t hy ophlden wie mei buorkjen pakte hy syn hobby wer op. Skilderje die hy net mear mar wol houtfykje. Meast tafrielen men soe sizze kinne: ‘Skilderje yn hout’.

Mem

Wie folle hastiger as heit en rap mei de mle. Sy mocht har graach mei alles bemuoie. Mem die sneins faak de boekhlding foar heit om’t hja folle hurder koe. Mem soarge foar it iten en die de hshlding en sei tsjin de fammen wat sy dwaan moasten. Mem die foar in great part de opfieding, heit wie allinne iterstiid ths en jns hie hy meastentiids syn nocht. As er dan werris wat mei s wie sei mem :”Pyt siz der ris wat fan”. Wie heit syn antwurd faak fan efter de krante : ”Jonges rstich”.

Mem soarge foar de kofje en ntfong de minsken dy’t by s kamen. Sa as, feekeaplju: Marten Dijkstra (Marten Ulkes), letter Ale de Wal t Btenpost en de keallekeapman Auke Posthumus, de man fan de foarljochtingstsjinst Oebele v.d.Meer fan Koatstertille, jirpelkeaplju, de meunsternimmer en de ynseminator (blikkene bolle). Yn dy tiid wie der in oerienkomst tusken ferskate boeren dy’t meiinoar in spesjale ynklmethoade hiene, de Hardeland methoade. As dit by s barde soarge mem foar kofje, tee en boltsjes. As der wat op skoalle wie gie mem der faak hinne om mei master as juffer te praten. Sneins krigen wy gauris kofje t de kraantsjepot mei swarte klntsjes en slachrjemme.

Mem hie in kammeraat yn it earst in stok, letter hie sy de izeren flesseskraber. Hjir mei krigen wy op’e hd as wy wat ferkeards dien hiene. De stok kaam wol gauris yn de kachel drom hie sy letter in izeren flesseskraber.

Mem makke meastal sels s klean. Heit naam dan freeds lapkes stof mei t Ljouwert en dr makke mem s klean dan fan. Heit moast meastal it patroan op it stof lizze om ’t hy dit better koe as mem.

Prei krigen wy nea om ’t mem dat net lste. *Jan en ik hiene in hekel oan macaroni mei skinke en tsiis ; doe’t wy dit wer ris krigen (sawol heit en Titus wienen dr net). Wy sieten mei lange tosken nei s itenspanne te sjen. Lokkich gie de bel en moast mem nei de doar, de lange gongdel. Jan ik setten de panne nder de tafel. Dr lei Robbie en dy iet it lekker op. Doe’t mem wer yn ‘e koken kaam hiene wy in skjinne panne foar s, wy hiene it op! Mem sei:”Moai jonges en nou noch wat brij”. Dit kaam lykwols yn de selde panne mar wy ha it opiten. Fierder iten wy meastal t eigen grientetn.

Eltse jn lies mem s foar. Sy lies foar yn it Frysk. Somtiden wie it in Nederlnsk boek, mar ek dat lies mem foar yn it Frysk. Eltse wike t ‘De Donald Duck’ en ek wol t ‘In de Soete Suikerbol ‘.

Doe’t tante Anneke yn 1950 wer t Amearika kaam naam sy in hgedrukpanne(wnderpanne) foar mem mei. Mem koe lykwols gjin Ingelsk en sy koe de gebrksoanwizing net lze. Doe’t sy der in kear spinaazje yn hie en de panne begn te fluitsjen; draaide mem de fluit dert. Dit waard in ramp de spinaazje siet oeral, sels oan de souder.

Hin as hazze?

Doe’t ik op in kear t skoalle kaam frege ik: “Wat ite wy?” Heit sei:”Hin”.Ik frege hokker hin dea wie. Doe sei heit: ”Sa’n brne hin”. Doe wie it my wol goed. Gerrit de Graaf fan de buorlju iet ek by s. Jan frege om in poat en Titus en Gerrit ek. Sy krigen ek allegearre in poat. Doe frege ik: ”Hoefolle poaten hat dy hin?” Heit sei:”Dat is in wjuk fansels”. Doe wie myn sin gerst. Doe’t ik it hast op hie(ik krige altiten in stikje boarstfleis) sei Jan:”It wie hazze”. Doe ha it fierder net opiten want dat hoegde ik net. Ik bin lilk by de tafel weirn.

Pake Sikke

Pake Sikke kaam hast alle dagen del. Hy hie oan ‘t 1949 noch hieltiten de pleats drnei waard heit sels baas. Pake naam alle dagen in mingel molke mei yn in blikken ammerke. Pake koe moai fertelle mar hy liigde ek wolris. Wy koene net leauwe dat pake yn de earste wrldkriich, hy wie by de grenadiers yn Den Haach en sy moasten nder oare op de keninginne passe. Doe hat er ris yn de nderbroek foar keninginne Wilhelmina stien, fertelde hy. It wie in man mei in protte humor wer ‘t wy gauris tfanhs wiene yn Btenpost yn ‘De Skoallestrjitte’. As ik dr wie mocht ik gauris mei pake op de fyts fuort. As ik dan frege:”Wer geane wy hinne pake”. Wie’t andert :”Nei in freondinne”. Wy giene dan nei Bauke Postma yn Egypte as nei Tjerk en Anne de Vries yn Feankleaster, ek gie ik mei pake en beppe nei de Wlddyk, efter Aldwld nei pake syn jongste broer ome Johannes en tante Anne as nei ‘De Poelpleats’ tusken Kollum en Btenpost yn ‘It Paradyske’. Dr wenne pake syn oare broer ome Pyt en tante Aafke. Ek wol nei Kollum nei pake syn net troude suster tante Janke.

Beppe Tytsje

Beppe Tytsje wie in krftiche frou mar der mocht net in soad. Gauris wie it dan: ”Dat heart sa net”. Mei ld en nij krigen wy altiten in kroaderad, in sulveren ryksdaalder. Beppe koe goed naaie en hnwurkje. Yn it earstoan makke sy wol gauris klean foar s. Mem hat in protte fan har leard. Doe’t ik twa wie ha ik in kear mei pake, beppe en tante Anneke te kampearen west nij it Ameln. Dit mei kunde fan pake en beppe, de famylje Drenth. Ek giene wy wol mei beppe en tante Anneke nei tante Frouk, dit wie in skoansuster fan beppe. Hja wenne yn Delfsyl by har dochter Tite yn.

Tante Anneke

Tante Anneke wie heit, syn ienige en net troude suster. Sy wenne by pake en beppe yn en gie yn 1949 nei Amerika op besite by de bruorren fan beppe Tytsje, Rintsje en Evert Hamstra. Doe ’t sy yn 1950 werom kaam, gie sy nei Amsterdam ; wer’t sy wurke by ‘Humanitas’. Earst wenne sy oan ‘It Meerhuizenplein’ en dr giene wy wol hinne tfanhs. As wy dr wiene boarten wy mei de bruorren Smolders, Fred, Hans en Arthur. Letter wenne sy mei har freondinne tante Miep yn ‘De van Mourik Broekmanstraat’. Tante Miep wie haad fan in oantal beukerskoallen. Sy hie yn it begjin in scooter en letter kaam dr in ‘Lelijke Eend ‘. Wy krigen wol gauris wat fan har, meast boeken. Ek krigen wy postsegels.

Nei tsjerke

Iens yn de moanne krige mem it yn de holle om nei tsjerke op ‘De Tille’. Dr hiene wy meastal net folle nocht oan. As ik der allinne hinne gie, krige ik twa dbeltsjes en in stoer mei en in roltsje pipermunt. De sinten rekken nea op, want ik die wol in pipermuntsje yn de pong. Ek diene wy der wolris ponsmuntsjes yn, dy’t wy by de skoalmeubelfabriek ‘De Marko’ fine koenen. Dan diene wy in hnfol fan dy ponsmuntsjes yn de pong. De pong waard dan hiel swier en dan hie Fokke(de koster) it smoar yn. Ek moasten wy sneins ferplichte nei de sneinsskoalle. Neffens my yn 'It Gebou'. Dit stie op de hoeke fan de Alddyk en de behearders wiene Fokke en Freerkje de Jong, Fokke wie ek koster fan de tsjerke. Dat wie net sa slim; want dr wie in liedster dy’t hiel moai fertelle koe Antsje Dijkstra-de Vries. Somtiden moast ien fan de sneinsskoalle bern neitiid nei tsjerke om te pstertraapjen. Doe’t ik in kear oan bar wie; tocht ik: "Hjir ha’k gjin nocht oan". Ik hlde op fan pstertraapjen, midden yn it earste gesang. De oargenist flokke ld en dat klonk hiel moai troch de tsjerke. Ik hoechde nea wer te pstertraapjen. Mei de krystdagen wie it lykwols wol aardich. Dan krigen wy manderijntsjes en skelarjemolke. Antsje Dijkstra- de Vries lies dan it krystferhaal foar. Doe't Titus foar de earste kear mei wie en hy ek fan alle lekkers krige; die hy doe't wy der t giene in greep yn de skaal, wer’t wy jild yn dwaan koene. Master Stienstra stie by de doar...

De dmny

De dmny wie dmny A. J. Hendriks. Doe't dumny in kear in de simmer, in gleske bier dronk by kafee Veldman en in journalist him frge: "Smakket it wat?". Doe sei dumny: "It smakket bst". De oare dei stie yn in krante:

"De dmny fan Koatstertille,
hie sa'n nbiedige wille.
Hy rp op it lst,
it bier is wer bst.
En doe koene syn fuotten him net mear tille.

Drnei ha de minsken dumny fuort pest.

Kninen

Doe’t ik lve jier wie krige ik trije wite Vlaamske Reuzen. Dy hie heit koft by Thomas de Jong yn Moarrewld. It wiene trije moaie wyfkes. De oare maitiids mei dizze bisten nei de raam fan klompmakker Roorda yn Btenpost. Dit wie neffens heit en hiele bste raam, want dy hie op de tintoanstelling yn Btenpost U helle. Ik hie kninekisten makke fan lde sinesappelbakjes... Ik hie se sels noch ferve, grien, by myn witten. Ik hie ien kninekiste op’e fyts en heit twa Heit die it wurd, en it koe wol. Mar doe frge ik wat it kostje moast, wie it andert fan Roorda: ”Fiif gne per dekking”. Ik die myn knyn gau wer yn de kiste, want ik hie mar in kwartsje bsjild yn de wike. Doe’t heit sei:”Ik betelje it wol”. Doe gie it troch fansels. Dr kamen jongen: Ien mei lve jongen en ien mei sn. Fan dy lve kaam net folle telnne, om’t in murd in protte jongen op iet. De tredde krige allinne deade jongen. De maitiids drnei kaam der in raam fan Bouke Postma en der kamen in protte jongen. Ik waard lid fan de ferieniging ‘Achtkarspelen ‘yn Btenpost. Harm Hofstede kaam om de kninen te nmerjen en dy hjerstmis nei de jongebiste keuring by Klamer yn Btenpost. Alle trije kninen krigen in streep, om ’t se smoarge fuotsoallen hiene. Ik hie fyftich kninen yn it bargehok, mar de wyk’s dr op hie ik net ien mear. Doe’t Auke Posthumus by s kaam om keallen, sei ik dat er alle kninen meinimme moast om se te ferkeapjen. Ik barde in protte jild en fielde my ryk. Mar doe sei heit: ”Ho, de helte is foar my”. Heit meande eltse dei in kuorfolgrs en ik fuorre keallebrokjes. Ik hie ien sek kninebrokjes, mar dy rekke nea leech.

Sikke Oostenbrug tijdens een keuring

Sikke Oostenbrug tijdens een keuring

Hinnen

Nei myn knine avontr begn ik mei rashinnen. Ik helle briedaaien by Pyt Buma yn Droegeham, aaien fan wytweiten Grinzer Miuwen en liende in briedmasjine fan ome Willem. Ik krige dr pykjes t en dy hjerstmis gie ik mei de hinnen nei de tentoanstelling yn Btenpost. Dit wie ek wer by Jan Klamer en waard organisearre troch 'De Aeikoer'. De bisten waarden wosken mei help fan Sytse Jager, in neef fan mem, mei Sunlight sjippe en drnei waarden de kaam en de poaten yn de faseline set. Ik hie de moaiste Nederlnsk Ras, tsein de Fryske. In hoanne hie in ZZG. Ik woun in wikselbeker en in luks foarwerp. Dit lste wie in Tomado flesserek fan yzer.

Sikke Oostenbrug stuurde dit artikel begin 2012 naar De Binnenste Buiten. Hij overleed op 13 mei 2014 in Buitenpost.