Nei in wykein fol spanning en soarch, s mem hie fan freedtejn oant moandeitemoarn wurk fan myn komst hn, ferwolkomme dokter Koning my om fiif foar healwei tsienen op 22 septimber 1947 mei de wurden: "Tjonge, alweer zo’n dikkop…" Wr’t dat ‘alweer’ op sloech wit ik no noch net. Wol wit ik dat s heit en mem, Pieter Willem Postma en Marie Postma-Kok, wakker wiis mei my wienen. Us heit it meast noch, want wat wolle jo as ‘jonge’ heit fan 52 jier, as der noch in stamhlder fan rom 9 pn yn jo libben ferskynt.

winkel van P.W. Postma

De winkel van P.W. Postma rond 1940

Lit ik my earst mar efkes neier foarstelle oan ‘e lzers fan ‘e Btenpostmer doarpskrante: ik bin Wijbe Klaas Postma, berne oan ‘e Rijkstraatweg 64 (no: Voorstraat 37) as soan fan de manufakturier dy ’t advertearre mei: ‘Wat je koopt bij P.W.P. gaat jaren mee’ en dat giet foar my dus al 64 jier op. Mei myn suster Marijke en broer Willem ha ik in grut part fan myn jonge jierren yn Btenpost trochbrocht. Offisjeel binne Marijke en Willem myn healsuster en –broer en hja ha de achternamme Ter Vrugte. Dat is om’t hja bern binne t it earste houlik fan s mem, mar harren heit is yn ‘e oarloch omkaam yn in Dtsk konsintraasjekamp. Mem Marie is doe as widdo nei Btenpost kaam en troude yn 1946 mei Pieter Willem en t dat houlik kaam lytse Wijbe. Droer ha ik faak it sechje fan s heit heard: “Alde rammen, bste lammen”.

Doe’t ik noch mar in lyts baaske wie, hat Marijke in soad op my passe moatten om‘t heit en mem it drok hienen mei de winkel en alles wat drmei gearhong: bestellingen bylns bringe, gerdinen naaie, flierbedekking lizze. By dy oppasserij ha ’k har in kear wakker yn ferlegenheid brocht troch krekt ear’t ik yn ‘e tobbe moast fuort te rinnen en yn ‘e bleate kont de Skoalstrjitte yn te draven. Se hat my wer te pakken krige en dat ha’k witten: myn biltsjes ferhegen de temperatuer fan it tobbewetter behoarlik…

de familie Postma

De familie Postma rond 1950, met v.l.n.r.: Marijke, moeder M. Postma, Wijbe, Willem en vader/winkelier P.W. Postma.

Mei s buorlju, de famyljes Bolling (Hotel De Roskam) en Jorritsma (bakkerij) hienen wy goed kontakt en ik kaam geregeld by har oer de flier. In loopke troch de bakkerij fan Jorritsma smiet altiten wol wat lekkers op en by de Bollings wie ek altiten wol wat te rden. Mei Johan, dy’t neffens my yn ien fan ‘e eardere tjeften fan dizze doarpskrante syn ferhaal dien hat, ha ik in hiel soad oplutsen en wy ha noch altiten kontakt. Syn ‘tante Dity’ hat destiids myn beukerjuffer west yn ‘e Tsjerkestrjitte.

Nei de beukertiid gie ik nei de Iepenbiere Legere Skoalle dr’t meester Kim haad fan wie. Ik bin noch fan ‘e generaasje dy’t yn april al nei skoalle mocht en ik kaam by juf Fennema yn ‘e earste klasse telne. Neist myn buorjonge en freontsje Johan wit ik noch dat Douwe Joustra, Pieter Zuidema, Nanning de Jong, Jouke Brander, Jelle Koers, Bram Schievink, Joke v/d Witte, Antje de Wal, Anneke Zuidema (gjin suske fan Pieter), Jannie Poelstra, Nelly de Winter, Griet Oppedijk en Clarie Douma by my yn ’t lokaal sieten. Der ha grif mear west, mar dy nammen wolle my no net yn ’t sin komme. Myn hiele legere skoalletiid wie ik faak op ‘e pleats by Douwe Joustra te boartsjen. Wat in prachtige oeren ha ik dr trochbrocht! Ik fn it geweldich by Douwe-en-dy op ’t hiem, de telle, de stl en de greiden. Dat makke by s heit en mem de opmerking los oft ik dr leaver wie as ths… Ik kaam doe, njoggen jier wie ik, op it idee dat Joustra my mar keapje moast. “No”, sei s heit doe, “dat moat mar wze, jong. Mar… asto s dan yn ‘e buorren tsjinkomst dan silste al ‘dach Postma en frou Postma’ sizze moatte”. Dat griisde my oan en dus gie de keap oer

Nanning de Jong, soan fan winkelman Hotze de Jong t ‘e Tsjerkestrjitte, bin ik noch altiten tankber dat er my behoede hat foar it smoken: yn it magazyn hie Nanning in doaske fkarde sigaren fn en dr moasten wy, keardels fan alve jier, marris ien fan opstekke… Ik ha noch nea sa strontsiik west en oanstriid om sigaretten, sigaren of pipen op te stekken ha ik nea wer hn.

Om ’t s heit him doetiids nochal ynsette foar de fuotbalferiening is de basis foar myn sportive dwaan en litten – neist it lidmaatskip fan gymnastykklup M.A.A.S. – lein op it sportfjild oan ‘e Parklaan. As ‘welp’ mocht ik by de jongsten (10-jierrigen) begjinne en ha oant de A-junioaren hiel wat wedstriden spile. Der is troch s heit ek noch besocht om my de basisprinsipes fan ’t keatsen by te bringen, mar dat foel as sied op rotsige grn. Mem brocht wat tsjinwicht tsjin al dat lichaamlike gedoch troch my, as juffer fan ‘e sneinsskoalle, mei spirituelere saken yn oanrekking te bringen. Dat barde yn in keamer fan ‘e pastorij en soms ek yn ‘e konsistaorje drneist. Dy pastorijkeamer hie in grutte opberchkast en dy ha ik, om’t ik net altiten die wat s mem woe dat ik die, geregeldwei fan binnen besjoen. Sadwaande ha ik in grut part fan it Evangeelje troch it smelle skreefke tusken de kastdoarren taskikt krige.

Nei de legere skoalle, ik herinnerje my noch osa goed de skoalmasters Jonker, Rispens en Jan Alberda, reizge ik fjouwer jier lang op ‘e fyts nei de iepenbiere Kollumer mulo. Ik hie op ‘e ein fan ‘e legere skoalle al yn ‘e holle om skoalmaster te wurden en de mulo-perioade hat dat idee net feroare. Yn it lste healjier, it eksamenjier, ferkocht s heit de winkel en kocht in hs yn Wergea. Ik ha doe in fearnsjier yn ‘e kost west by myn omke Harm en tante Els Robroch-Kok yn Ingwierrum: moandeitemoarns betiid fan Wergea op ‘e fyts nei Kollum, lessen folgje en nei skoaltiid op ‘e fyts nei Ingwierrum. Freeds de omkearde folchoarder. Dy tochten ha gjin neidielige ynfloed hn op myn learderij, want yn juny 1964 helle ik myn mulo-diploma. Yn dat jier bin dus ek Btenpostmer-f wurden.

Fan Wergea t gie ik nei de Rijkskweekschool (foar s ‘De Kweek’ en letter waard dat de Pabo) yn Ljouwert. Yn it twadde stdzjejier trof in Swaan Vondeling, dat klikte en nei’t ik yn 1969 slagge wie, binne wy yn desimber fan dat jier troud. Doe ha ik in jier lang op in, foar myn gefoel, frij nutteleaze wize besocht yn ’s konings rok‘ de Russen op te kearen. Gelokkich koe ik begjin 1971 as skoalmaster oan ‘e slach yn ‘e tredde klasse fan de iepenbiere Prof. Kohnstammskoalle yn Harns. Yn myn Harnzer tiid ha ik twa nderwiisakten helle: Frysk en Lichamelijke Oefening. Fan beide ha ik in soad wille hn en no noch. Yn Harns waard yn 1973 s dochter Hester berne. It famke hat fiif jier lang s libben ferrike mar ferstoar yn 1978 yn it Akademysk Sikehs yn Grins oan it net te oerwinnen sykte. Swaan en ik ha doe in minne rite trochmeitsje moatten. Ek yn Harns kaam yn 1976 s ldste soan Rimer op ‘e wrld. Hy hat net sa lang as echte Tobbednser nder de oare Harnzers ferkeard, want yn 1977 waard ik beneamd ta boppemaster yn Eastermar en dus … werom nei de Wlden yn it skoalhs njonken de Iepenbiere Legere Skoalle oan ‘e Grutte Hoarnstwei. Sawol skoalhs as skoalle wienen wakker karakteristyk: in grut hiem (freedtemiddeis nei skoaltiid meane…), twa mnske kastanjebeammen op ’t plein en hege lokalen. De legere skoalle waard basisskoalle en krige de namme ‘De Bolster’. Yn 1980 krige Rimer in broerke, Josse. Ik ha beide jonges by my op skoalle hn en ek as learlingen yn ‘e groep. Ik ha net it gefoel dat hja drnder te lijen hn ha…

Wybe Postma Tusken1977 en 1995 wienen der frijwat wikselingen yn de beneaming fan myn funksje: fan boppemaster waard ik direkteur, doe skoallieder en drnei lokaasjelieder. De ‘winst’ drfan wie dat der mear papierwurk en fergaderingen kamen, mar it eigentlike skoalmasterswurk kaam op ‘e tocht te stean en dan benammen it kontakt mei de bern. Ik ha drom yn 1995 de oerstap makke nei de iepenbiere basisskoalle ’t Partoer yn Burgum en waard dr wer ‘gewoan’ skoalmaster.

Yn Harns wie ik al lid wurden fan ‘e FNP en yn Tytsjerksteradiel bin ik no snt 1998 polityk aktyf. Is it net bysnder dat ik no, yn ’t ramt fan ‘e gearwurking tusken s beide gemeenten, sa no en dan in gearkomste ha yn Btenpost en dat ik dan sit te wiispraten op in plak dr’t ik as jonkje yn ‘e spoargrft siet te fiskjen op mdhn? Drom ek de titel fan myn bydrage: East – West, yn ‘e Wlden is ’t it bst!